|
Op
dizze side fine jimme alles oer Frysk en Fryslân op ús skoalle.
Hier op deze site vinden jullie alles over het Fries en Fryslân
op onze school.
Frysk
Evenement in 2010....
Zo
vlak voor de kerstvakantie is de werkgroep Fries van onze school,
beter bekend als de commissie "Hannen en Fuotten", druk
bezig met de voorbereidingen van een nieuw evenement. In de tweede
helft van januari krijgen jullie daarover meer informatie.
Eerdere
evenementen......
Alve
Stêdetocht 2009
Op
tongersdei 15 jannewaris hawwe wy op skoalle de Alve Stêdetocht
'riden' Fan it earste oere oan't achtste hawwe wy de 200 kilometer
trochwraksele. Hjir en dêr klúne en sa no en dan efkes
skoft mei waarme poeiermolke en koeke. Yn 'e middei wie d'r snert
mei woarst. Alle 65 riders hawwe de einstreep op é Bonke
helle.
Fryske
Dei 2008
Op woansdei
18 Juny is ús twadde 'Fryske Dei ' west. Yn en bûten
de skoalle hiene wy aktiviteiten, sa as in ekskurzje nei Omrop Fryslân,
de moune fan Skalsum, it Planetarium. Wy hawwe in reis troch ús
moaie Fryske lânskip makke. Wy koene keatse mei ien fan Fryslâns
allergrutste keatsers: Jehannes Brandsma. Nij wie dizze kear it
Fierljeppen. Wy hawwe ûnder lieding fan Thewis Hobma en ús
eigen Gregor Boelens oan it fierljeppen (leach fleanen) west. Dit
wie fêst en seker ien fan de toppers. En....eltsenien dy't
dat wol, koe de hiele dei it Frysk as fiertaal brûke. Ek fansels
foar de leararen.
sjoch hjir
foar in ferslach fan de Fryske Dei
Omrop Fryslân
hat in nije Hjoed meiwurker: it is ús Renate !
Ferstival
2007
Freedtemiddei
9 novimber diene 3 learlingen fan Simon Vestdijk Frjentsjer mei
oan de heale finale fan de Fryske foardrachtskriich foar it fuortset
ûnderwiis yn de Kuriostsjerke fan Ljouwert: it saneamde Ferstival.
Se hiene dêrfoar in Frysk gedicht goed út de holle
leare moatten.
It wiene de starter Stefan Visser (klasse F1V1) en de trochsetters
Ilse Draaijer en Winanda Schrijver (F2V2).
Se moasten tsjin kandidaten fan Ljouwerter, Dokkumer en Harnser
skoallen.
It wie tige spannend. Ferskate learlingen wiene bot senuweftich.
De bêste foardrager is sy/hy dy't de ferbining tusken makker
en tahearder it bêst oerbringe kin.
Alle trije ha it fantastysk dien. Krekt net yn de finale mar wol
mei positieve beoardielings. Se gongen om fiif oere mei in dik fertsjinne
roas wer nei hûs.
Freemwurk
Foar de earste
klassen yn de ûnderbou fan ús skoalle brûke wy
de nije metoade Freemwurk. Freemwurk biedt ús learlingen
de mooglikheid om oan de hân fan autintike sitewaasjes harren
mûnlinge en skriftlike taalfeardichheid op in heger nivo te
bringen.
Alle learlingen binne
fansels net gelyk. De talige eftergrûn ferskilt, de kognitive
fermogens en ek it taalgefoel. Omt learlingen mei Freemwurk
benammen selsstannich leare, kin elke learling Frysktalich
of net yn syn eigen tempo en op syn eigen nivo oan it wurk.
Klik op 'e frosk foar de link nei Freemwurk digitaal. De foto fan
de frosk is makke troch P.
Winberg.

Simon
Vestdijk yn LinKK
Op
tongersdei 18 jannewaris hat TNT Post in grutte doaze mei de nije
LinKKs by ús op skoalle brocht. Fan frou de Vos krije jimme in eksemplaar
mei nei hûs. It is in tige moai nûmmer wurden. It stikje
fan Jeroen, de dames Yvonne, Isle, Sygrid en Baukje mar fansels
ek de fotostrip dy't makke is troch F4V2. De foto's binne makke
troch Chris.
|